Skip as symboal foar 20e ieu

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Kolderwâlde hawwe mei help fan keunstner Evert van Hemert in skip boud dat symboal stiet foar de tweintichste ieu. It keunstwurk hat de namme 'Ship of Fools' krigen.
Mei it skip wurde de net winske oerbliuwsels fan de ieu dy't foarby is ôffierd. It giet dêrby om geweld en fersmoarging. It 'Ship of Fools' bliuwt oant 1 oktober by it doarp stean.