CDA fynt aksjebuorden te bleat

© Omrop Fryslân
It CDA yn Wûnseradiel hat krityk op de aksjebuorden dy't pleatst binne om de komst fan it lânboumuseum nei Makkum te stypjen. De buorden toane neffens de partij te folle bleat.
Foarbygongers soene harren steure oan de sân buorden, dêr't in frou op te sjen is dy't it Frysk kostúm oanlûkt. Der sil gjin aksje ûndernaam wurde, om't it CDA it in saak fan it aksjekomitee fynt.