Minder melkkij yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne hieltyd minder melkkij. Tsien jier ferlyn wiene dat noch mear as 300.000, no binne it 40.000 minder. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS.
Itselde byld is yn hast alle provinsjes te sjen. Allinnich yn Seelân kamen der melkkij by. De provinsje Fryslân hat mei 260.000 melkkij noch wol hieltyd de measten fan hiel Nederlân.