Ulbe Zwaga ferkeapet folchskip

© Omrop Fryslân
De skûtsjekommisje fan Ljouwert hat it folchskip fan skipper Ulbe Zwaga rêden. Zwaga woe it skip kwyt, omdat hy ferlet fan jild hie. De kommisje fan Ljouwert hat it no oankocht yn 'e mande mei in tal bedriuwen en partikulieren.
Meiinoar ha se sa'n 150 tûzen gûne betelle foar de boat. De folchboat wurdt nei ôfrin fan it skûtsjesilen brûkt om wat te iten of te drinken.