Deade by fjochterij Damwâld

25 jul 2000 - 19:15

In minderjierrige asylsiker is moandeitemiddei om it libben kaam by in fjochterij yn syn wente yn Damwâld. De jonge hie rûzje mei twa oare bewenners fan it hús en is dêrby mei in stik trepleuning op 'e holle slein.

De oanlieding foar de fjochterij is noch net bekend. De twa oare bewenners binne oerbrocht nei it plysjeburo om heard te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)