Mear seehûnen nei de kres

© Omrop Fryslân
De seehûnekres yn Pieterburen hat de ôfrûne twa jier in rekordtal seehûnen opfong: fjouwerhûndert. Benammen seehûnen fan trije moanne âld hawwe help nedich. Wêrom is noch net bekend.
It gruttere oantal seehûnen dat holpen wurde moat, soarget derfoar dat de wurkdruk op 'e kres heech is. Ek moat mei kontainers it tekoart oan romte opfong wurde en nimme de kosten foars ta.