Jild foar bettere Fryske ekonomy

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt 3,3 miljoen Euro út it projekt 'Kompas voor het Noorden'. It jild is bedoeld om de ekonomyske posysje fan 'e provinsje te ferbetterjen en giet nei fjouwer projekten.
Ljouwert brûkt de bydrage foar it ferbetterjen fan de ynfrastruktuer op twa plakken. Yn It Fean wurdt der kantoarromte mei boud en ek wurde de mooglikheden fan ynternet foar it MKB besjoen.