Gjin fêst wenplak nei brân

25 jul 2000 - 09:39
Foto: Omrop Fryslân

In gesin út Drachten hat op it stuit gjin fêst wenplak mear. Nei de ATF-brân yn maaie moast de húshâlding harren sleepboat njonken it fabryk ferlitte. Harren boat is noch hieltyd fersmoarge mei swiere metalen, PCB's en dioksine.

It slagget in skjinmakkers bedriuw net om de wenboat skjin te krijen. It gesin wennet no yn in karavan by freonen, mar moat dêr oer twa wike wer wei.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)