Alvestêdetocht mei hynders
De Alvestêdetocht 2000 is moandei út ein set, in tocht fan hynder en wein yn seis dagen troch de provinsje. Der binne hast 160 dielnimmers mei 80 hynders, wêrfan't 30 Belgen en 50 Haflingers.
De tocht is oanpast oan de bisten en nimt in alternative rûte. De start wie yn Rinsumageast. Sneon hopet de karavaan yn it sintrum fan Ljouwert oan te kommen.