Cambuur siket noch sponsor
Fuotbalclub Cambuur is noch hieltyd op syk nei in nije shirtsponsor. It liket der op dat de club it nije seizoen begjinne moat mei in leech shirt. Dat komt min út, sjoen de finansjele sitewaasje fan Cambuur.
De fuotbalclub hat as doel yn twa jier tiid werom te wêzen yn de earedivyzje. De spilers dy't dat dwaan moatte, waarden tiisdei presintearre oan de parse.