Nij grêf foar Havank-hûntsje
It grêf fan it hûntsje fan de detektiveskriuwer Havank wurdt yn eare hersteld. It hûntsje 'Nicko' wie foar de Ljouwerter Havank tige belangryk.
Doe't Nicko stoar krige er in echt grêf, mei in stien derop. Dat is op Dekemastate yn Jelsum. By de renovaasje fan Dekemastate is it grêf oer de kop gien. De Havankstifting 'Mateor' wol it no werstelle.