Gribus nei trettjin jier dien

© Omrop Fryslân
Nei trettjin jier hâldt it berneprogramma Gribus fan Omrop Fryslân Radio op fan bestean. Takom sneon fan 10.00 oant 11.00 oere is de lêste útstjoering. Sippy Tichelaar en Geartsje de Vries binne de geastlike memmen fan Gribus.
Yn 'e alderlêste útstjoering binne alle alle bern dy't ea Gribus presintearre hawwe te gast. De Omrop hat noch gjin plannen foar in nij berneprogramma.