Brede programmearring Strânpop
Op 'e Skâns, oftewol Eastmahorn, wurdt dit wykein it Strânpopfestival hâlden. De organisaasje wol mei in brede programmearring ynspylje op it tekoart oan poppoadia yn Fryslân.
Mei-inoar stean 42 bands op 'e planken oan 'e râne fan 'e Lauwersmar. Der is in grut ferskaat: klassyk-reggae, metal, grunge en salsa. Strânpop duorret noch oant en mei snein.