250 asylsikers foar De Lemmer

© Omrop Fryslân
Der komt in asylsikerssintrum foar 250 asylsikers op De Lemmer. De gemeenteried gong tongersdei net akkoart mei in mooglike útrin nei 300 bewenners. Dy mooglikheid wie in winsk fan it COA.
De riedsleden wolle earst sjen hoe't it giet mei in AZC foar 250 bewenners. Oer in jier komt der in evaluaasje mei omwenjenden. De mooglikheid fan 50 asylsikers mear komt dan wer yn de ried.