Akzo soe Frima keapje moatte

© Omrop Fryslân
De FNV docht in driuwend berop op AKZO Nobel yn Delfsyl om in bod te dwaan op it fallite Frima yn Harns. Neffens de FNV soe de wurkgelegenheid by Akzo Nobel yn gefaar komme as in bûtenlânsk fabryk Frima keapje sil.
It fakbûn hat de Undernimmingsried fan AKZO Nobel ynskeakele. Yn in brief freget it fakbûn oan de UR druk út te oefenjen op harren direksje.