Bern yn kamper achterlitten

© Omrop Fryslân
Trije bern yn de leeftiid fan 5 oant 10 jier waarden tongersdei yn in kampearwein op 'e dyk foar it ferkearsplein De Jouwer oantroffen. De kamper stie dêr libbensgefaarlik en omstanners hawwe him de berm yntreaun.
De heit hie de bern achterlitten om bensine te heljen. Doe't er wer weromkaam, rûkte de plysje net allinnich bensine, mar ek in dranklucht.