Sluting driget foar opfangtehûs

21 jul 2000 - 11:50

Opfangtehûs De Leemweg foar âlde kij yn Sânhuzen slút mooglik. Troch de nije dongwet hat De Leemweg takom jier net genoch lân om syn dong ut te riden.

De Leemweg hat 8 bunder lân nedich om de stront út te riden. It opfangtehûs hat mar 3 bunder. Fiif bunder der by keapje soe 4 ton kostje en dat sit der finansjeel net yn. By de Leemweg wurde 43 âlde kij fersoarge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)