Online-fersekering fia it Frysk

21 jul 2000 - 11:01

In fersekeringsbedriuw yn Apeldoorn besiket klanten te lûken mei it Frysk. It bedriuw bringt polissen foar hûs en ynboedel oan 'e man fia ynternet. It folslein Fryske oanmeldingsformulier is te lêzen op www.polisin1.nl/friesland.

As der mear Fryske klanten komme, wol de fersekerder mear siden yn it Frysk oersette. Fersekerders yn it heitelân binne noch net safier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)