Skoalle Wyns mooglik ticht

20 jul 2000 - 16:49

De iepenbiere basisskoalle yn Wyns is yn gefaar. Takom jier hat de skoalle mar 18 bern. Neffens de noarm is dat te min. Der moatte op syn minst 23 bern op in basisskoalle sitte. De skoalle hat no twa jier tiid om dat tal te heljen.

De skoalle hat in wichtige sosjale funksje foar Wyns. Dêrom soe it skande wêze at de 400 jier âlde skoalle ticht moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)