Gjin golfbaan by Aldemardum

20 jul 2000 - 13:36

Aldemardum krijt gjin golfbaan. De Raad van State hat de plannen blokkearre, omdat de oanlis fan in golfbaan yn in natoerûntwikkelingsgebiet stridich is mei it ryksbelied, útsein as der wichtige maatskiplike belangen op it spul steane.

De provinsje hat de Raad van State net oertsjûgje kind fan dy belangen. De gemeente is ferbjustere oer de útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)