Slûsdoarren wer teplak

© Omrop Fryslân
Terherne krijt de slûsdoarren wer werom Foar in grutte ûnderhâlds- en skjinmakbeurt wienen de fjouwer doarren derút helle. Mear as twa ton smoargens per doar, benammen tar, is der ôfhelle.
Mei help fan boaten, kranen, pontons en dûkers wurde de slûsdoarren yn opdracht fan de provinsje werompleatst. Ien slûsdoar weaget mear as tweintich ton. De klus duorre woansdei de hiele dei.