Echt breidspear op Boerebrulloft
Park Heremastate op 'e Jouwer wie woansdei foar de 46ste kear it toaniel foar de jierlikse boerebrulloft. Alde folksmuzyk en minsken yn kleandracht foarmen it dekor foar it breidspear.
Hast altyd wurdt de Boerebrulloft neispile. Breid en brêgeman Sjoerd en Antoinette Meekma trouden lykwols echt en dat makke it feest ekstra bysûnder.