Makkum wol lânboumuseum

© Omrop Fryslân
Makkum organisearret tal fan aksjes mei as doel it nije lânboumuseum nei it doarp te heljen. Sa meitsje 5 keunstners út it doarp prikkeljende panelen yn de foarm fan in stripferhaal. Boargemaster Piersma sil se sneon ûntbleatsje.
Makkum moat konkurrearje mei Warten en de Griene Stjer by Ljouwert. In buro út Amsterdam advisearret de provinsje. Yn oktober nimme de steateleden in beslút.