Finansjele tsjinfaller provinsje

18 jul 2000 - 18:22
Foto: Omrop Fryslân

It ôffieren fan ôffal fan it ôffalferwurkingsbedriuw Oldenburger yn Ljouwert falt djoerder út as ferwachte wie. It docht bliken dat der asbest yn it ôffal sit.

De kosten fan de operaasje wurde heger omdat de asbest mei spesjale frachtweinen ferfierd wurde moat. De kosten wurde rûsd op seis miljoen gûne en komme foar rekken fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)