Ut 'e bocht troch drankgebrûk

18 jul 2000 - 12:52
Foto: Omrop Fryslân

In 28-jierrige Ljouwerter hat moandei op de Harlingerstraatweg foar in soad skea soarge. De man rekke op in rotonde de macht oer it stjoer kwyt. Hy ried dêrtroch tsjin in peal en kaam doe ta stilstân tsjin in pear parkearde auto's. Dy rekken dêrby skansearre.

De auto dy't achter de man ried rûn ek skea op troch rûnfleanende ûnderdielen. De bestjoerder hie tefolle dronken.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)