Op 'e fyts nei de Noardkaap

18 jul 2000 - 11:44
Foto: Omrop Fryslân

Op 'e lisfyts hat Klaas Wijnsma fan Damwâld nei de Noardkaap west. Hy is 15 maaie fuortfytst mei in tintsje achterop en moandei wer weromkommen. Hy hat sân-en-in-healtûzen kilometer ôflein.

Al tsien jier dreamde Wijnsma fan sa'n reis. Fan it jier hie er de tiid en it jild derfoar om troch Dútslân, Denemarken, Sweden, Finlân en Noarwegen te reizgjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)