Orfeo Aqua tige slagge

18 jul 2000 - 09:52
Foto: Omrop Fryslân

Hast fyftjintûzen besikers ha yn de ôfrûne wiken de opera Orfeo Aqua sjoen. De opera yn regy fan Jos Thie waard moarns ier en betiid opfierd op it wetter by de Bombrekken by Warkum.

It spektakel wie in gearwurking fan Tryater en it Frysk Festival. Tolve kear waard de myte fan Orpheus en Euridice songen en spile. Omrop Fryslân stjoert de opera op 7 jannewaris út.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)