Opera yn Spangea
De opera 'Blauwbaard's Burcht' giet sneon yn in tinte yn Spangea yn premiêre. De opera fan de Hongaarske komponist Béla Bartòk is yn de earste helte fan de foarige ieu skreaun.
De twa haadrolspilers spylje yn in modern dekôr mei achter har in grut filmdoek dêr't bylden in ûnderdiel fan it ferhaal útmeitsje. De opera wurdt sân kear yn Fryslân opfierd.