Ryksjild foar natuerbehear

© Omrop Fryslân
Fryslân profitearret flink fan de ekstra miljoenen dy't de steatssiktaris beskikber stelt foar natuerbehear. Dat is alteast de ferwachting fan de direkteur fan It Fryske Gea.
It jild is benammen bestimd foar it ûntwikkeljen fan natuer, lykas it fersterkjen fan de ekologyske haadstruktuer en agrarysk natuerbehear. Yn en om Ljouwert hinne moat der ek mear natuer komme.