Bedriuwen krije namme werom
Mei hast 160 oare partijen ha de Friesland Bank en dûnsskoalle Saco Velt har eigen namme tongersdei weromkrigen. It bedriuw Name Space hie de nammen claimd as domeinnammen foar it ynternet. Foar 5 tûzen euro's koe de namme wer weromkocht wurde.
Yn in koart pleit hat de rjochter tongersdei yn Amsterdam besletten dat it bedriuw de nammen wer weromjaan moat.