Sâltfabryk Frima fallyt

14 jul 2000 - 13:29

De Ljouwerter rjochtbank hat tongersdei sâltfabryk Frima yn Harns fallyt ferklearre. Kurator Van der Meulen fan De Jouwer hat de deistige lieding krigen en rekkenet foar de 80 man personiel op in in trochstart.

Der binne in pear oernamekandidaten foar Frima. It Dútse bedriuw Kali und Salz wol Frima graach keapje. Frima is yn 1996 úteinset mei 250 miljoen gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)