Skaalfergrutting lânbou nedich

© Omrop Fryslân
As boerespultsjes yn Noard-Nederlân grutskaliger wurde, gean se in gouden takomst yn 'e mjitte. Dat stiet yn in ûndersyk fan it Landbouw Economisch Instituut (LEI), yn opdracht fan 'e direksje noard fan it Lânbouministearje.
Lânboubedriuwen yn Fryslân binne no al grutter as dy yn 'e rest fan it lân. Neffens it Ryk moat de skaalfergrutting benammen by de boeren sels weikomme.