Dochs grien ljocht foar IPR

13 jul 2000 - 11:19

De Europeeske Kommisje jout dochs grien ljocht foar de IPR-subsydzjeregeling fan steatssiktaris Ybema. Fia dizze regeling kinne bedriuwen yn it noarden 20% stipe krije foar ynvestearrings.

Yn earste ynstânsje wegere Europees Kommissaris Monti tastimming te jaan. Hy fûn de foarstellen fan Ybema 'net logysk'. Nei oerlis mei Monti hat Ybema de regeling oanpast en dat hat holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)