Rotonde by Opperkoaten
By ôfslach Opperkoaten komt in rotonde. Dat beslút namen Deputearre Steaten. De kosten fan de rekonstruksje fan 'e dyk tusken Ljouwert en Bûtenpost wurde skat op goed in miljoen gûne.
By de ôfslach Koatstertille komt oan de súdkant in flechtheuvel. Fytsers en fuotgongers kinne sa feilich de beide rydstroken oerstekke.