Beheining solitêre wynmolens
Yn it bûtengebiet fan Fryslân meie gjin solitêre wynturbines mear pleatst wurde. Dat stiet yn it oanpaste ûntwerpstreekplan Windstreek 2000 fan Fryslân, dat troch DS fêststeld is.
Nije allinnichsteande molens meie allinnich noch by bedriuweterreinen pleatst wurde. DS besleaten fierder dat it gebiet by it Waad dêr't gjin molens pleatst wurde meie, lytser wurdt.