Unike kraal Azabach fûn

12 jul 2000 - 17:14
Foto: Omrop Fryslân

Yn de tsjerke fan Dronryp is in unike kraal út de 15de of 16de ieu fûn. It giet om in saneamde Azabach, in bewurke kraal dy't troch pylgers út Spanje meinommen is. Eartiids waard tocht dat de stien in genêskrêftige wurking hie.

It is foar it earst dat sa'n Azabach yn Fryslân fûn is. De fynst is dien troch Veltman yn in laach grûn dy't fanwege de restauraasje út 'e tsjerke groeven is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)