Skoalle makket nije start

© Omrop Fryslân
Iepenbiere basisskoalle de Barraboech yn Seisbierrum moat in gewoane skoalle yn in gewoan doarp wurde. De skoalle wie oant no ta bekend as De Trochfeart. De nije namme is in earste stap op wei nei de takomst. De skoalle wol sa in streek sette ûnder it ferline.
De skoalle kaam trije jier ferlyn negatyf yn it nijs, om't de direkteur acht learlingen seksueel misbrûkt hie.