Hûnderten froulju fiere Simmer

© Omrop Fryslân
De manifestaasje 'Froulju fiere Simmer 2000' luts snein, nettsjinsteande de rein, inkelde hûnderten taskôgers nei de Prinsetún yn Ljouwert. It wie bûten yn trije tinten en yn de muzykkoepel.
Ien fan 'e hichtepunten wie it stientsjesprojekt fan keunstneresse Hanneke Roelofsen. It doel is de stiennen yn in sirkel oan it begjin fan it Jabikspaad te lizzen, as besinningsplak.