Kampinghâlders kleie net

© Omrop Fryslân
Kampinghâlders yn 'e provinsje ha amper lêst fan it minne waar. Nettsjinsteande de rein binne de fjilden foar de helte beset. Neffens har is dat normaal om't it seizoen pas oer twa wiken begjint.
Min waar of net, de gasten dy't boekt ha, komme dochs is it idee. Faaks bliuwe de fakânsjegongers wat koarter as pland. It waar hellet lykwols gjin minsken oer de streep dy't gjin plannen hawwe.