Soad sykte by Arbotsjinsten
De Arbotsjinsten yn it Noarden hawwe te krijen mei in heger syktefersom as yn trochsneed. It lanlike sifer leit op 6 prosint, by Arbo Noard is dat 7,5.
Op it regiokantoar yn Ljouwert sitte twa fan 'e tolve meiwurkers yn 'e syktewet. It haadkantoar yn Grins hat al help oanbean. De Arbotsjinst advisearret bedriuwen oer it weromkringen fan it syktefersom.