Bewenners meie net dupe wurde

© Omrop Fryslân
Bewenners fan jeugdsoarchynstelling Aekinga yn Appelskea meie net de dupe wurde fan de mooglike sluting. Dat sei steatssiktaris Vliegenthart fan wolwêzen yn reaksje op keamerfragen.
Deputearre Steaten trune ek oan op in goede oplossing foar de bewenners, oars geane se net akkoart mei de driigjende sluting. De wurknimmers kinne nei alle gedachten earne oars oan it wurk komme.