Tsjerkje wer werom op De Kliuw

09 jul 2000 - 19:48

Tsjerkje Huitema (97) wie ûnder de Slachtemaraton wer presint op 'De Kliuw'. Tsjerkje dreau hjir oant 1989 in tige ferneamd kafee. Se ferkocht it kafee op har 86ste, omdat se graach op reis woe.

Op útnoeging fan de organisaasje wie Tsjerkje op de dei fan de maraton wer werom op it âlde plak. Frou Huitema fûn it in moaie dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)