Fryske winner fan Slachtemaraton
Gerrit Kramer fan Boalsert hat sneon de Slachtemaraton wûn. It wie de earste maraton foar de 34-jierrige draver. Syn winnende tiid wie 2:30:30. Twad waard Louis Dam en Saher Yousef, in op It Hearrenfean wenjende Irakees, waard tredde.
By de froulju wûn Katinka Wiltenburg. Maaike Hornstra fan Jellum wie mei it fjirde plak de bêste Friezinne. Har tiid wie 3:03:48.