BBC filmet Slachtemaraton

08 jul 2000 - 20:08

Njonken de lanlike media lûkt Simmer 2000 no ek de ynternasjonale parse. De Britse BBC sil sneon televyzje-opnames meitsje fan 'e Slachtemaraton.

Deputearre Steaten hawwe in stunt betocht. Se hâlde tiisdei in besletten gearkomste op in pream. De leden stappe op de boat nei de opfiering fan 'e iepenloftopera Orfeo Aqua, op 'e Bombrekken by Aldegea. Dy opera wurdt moarns betiid opfierd, by it lemieren fan 'e dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)