Utwreiding by Philips

08 jul 2000 - 16:14

De Philips-festiging yn Drachten sil útwreidzje. Der komt nijbou foar seis nije ôfdielings. Yn Drachten komme 40 man ekstra te wurkjen.

De nije wurknimmers komme út Grins. Dêr wurdt it haadkantoar fan de divyzje Domestic Appliances and Personal Care sletten. De reden dêrfoar is dat der yn Grins te min heech oplaat marketingpersoniel wêze soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)