Winter fan 2000 yn premiêre

© Omrop Fryslân
Wylst in soad minsken yn 'e ban binne fan Simmer 2000 giet yn De Harmonie de Fryske spylfilm 'De winter fan 2000' yn premiêre. De film is makke troch Bjinse van der Zwaag (24) fan Tsjummearum.
'De winter fan twatûzen' is makke foar 80.000 gûne en kin dêrmei in low-budget film neamd wurde. De film is in thriller, dy't spilet ûnder de Alvestêdetocht, en duorret 55 menuten.