Sûkerbôle fan 33 meter
Bakker Kooistra fan Beetstersweach hat in sûkerbôle fan 33 meter makke. Omdat de bôle ek folle breder en grouwer is as oars moast er apart keurd wurde troch de Keuringstsjinst fan Waren.
De bôle komt nei alle gedachten yn it Guiness Book of Records. De bôle is bedoeld foar it Simmer-2000 moarnsbrochje yn 'e Haadstrjitte. Sa'n 1200 Sweachsters kinne fan 'e bôle ite.