Nije sportoplieding by CIOS
It CIOS op It Hearrenfean komt mei in nije sportoplieding: algemien sportservice meiwurker. De oplieding is benammen rjochte op fasilitêre wurksumheden yn in sportferiening.
It CIOS begjint mei de oplieding om't der by ferienings net langer genôch frijwilligers binne om al it wurk te dwaan. De oplieding begjint yn septimber.