Skipswerf Harlingen fallyt

© Omrop Fryslân
Skipswerf Harlingen yn Harns is fallyt. In jierrenlange gerjochtlike proseduere fan in ûntefreden klant is werf úteinlik fataal wurden. De werf soe in kotter oplevere hawwe dy't net doogde.
De fyftich man personiel stean op strjitte. Oare wike is der oerlis mei de kurator oer in mooglike trochstart. De werf sit by deselde holding as it gruttere Frisian Shipyard Welgelegen.