'Bult autobannen te gefaarlik'
Banden Recycling Nederland yn Ljouwert moat mooglik op straffe fan in twangsom it terrein ûntromje. De provinsje fynt de 700 kuub oan âlde autobannen te gefaarlik.
De autobânopslach sit neist Oldenburger Recycling. De provinsje sjit 2,5 miljoen gûne foar om dat terrein ek ûntromje te litten. It jild sil letter op it bedriuw ferhelle wurde.